Frysk yn it ûnderwiis

Meartalich opgroeie is in wichtich elemint yn de (taal)ûntwikkeling fan bern en de gemeente wol dat graach stimulearje en fasilitearje.

Foarskoalsk ûnderwiis

Wy stribje der nei dat alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn ús gemeente yn de takomst twatalich sertifisearre binne.

SFBO 

It Sintrum Frysktalige Berne-Opfang (SFBO) helpt bernesintra yn de gemeente by it stal jaan oan in taalrike omjouwing foar de bern. Der wurdt konsekwint mei de talen omgien: ien-persoan-ien-taal. Alden wurde dêr fansels yn behelle. It SFBO jout ynformaasje en hâldt âlderjûnen oer meartaligens en it belang fan taalbelied en taaloanbod. Op SFBO.nl fine jo in oersjoch fan de twatalige pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn de gemeente.

Tomke-projekt

Us gemeente jout subsydzje foar It Tomke-projekt. Dat projekt wol âlden en liedsters fan pjutten ynformearje oer it brûken fan taal yn 'e omgong mei jonge bern. In wichtige opdracht foar it Tomke-projekt is it ûntwikkeljen en oanbieden fan Frysktalich materiaal dat yn in meartalige foarskoalske omjouwing brûkt wurde kin. It materiaal fan it projekt bestiet út in lêsmap, boekjes om mei nei hûs te nimmen, posters, ynformaasjebriefkes oer de tv-útstjoerings en foarljochtingsgearkomsten foar de pjutteliedsters. Sjoch foar mear ynformaasje op Tomke.nl.

Primêr ûnderwiis

De gemeente stimulearret de basisskoallen om yn harren skoalleplannen taal en taalbelied in dúdlik plak te jaan. Fierder stimulearje wy basisskoallen om in trajekt op te starten om in trijetalige skoalle te wurden. Hjir fine jo it oersjoch fan de trijetalige basisskoallen yn de gemeente. 

Fuortset ûnderwiis

De gemeente stimulearret skoallen foar fuortset ûnderwiis om yn harren skoalleplannen in paragraaf op te nimmen oer it taalbelied, sadat dúdlik wurdt hokker plak it Frysk en meartaligens yn de skoalle hat en mooglik krije sil.

Underwiis foar folwoeksenen 

De Afûk organisearret alle jierren kursussen Frysk. Dat binne bygelyks de kursussen 'Lear mar Frysk', 'Praat mar Frysk' en 'Skriuw mar Frysk'. De gemeente subsidiearret dizze kursussen. Ek wurde der workshops organisearre foar de redaksjes fan de ferskate doarpskranten en fan doarpswebsiden. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan de Afûk.