Van Sminiaplein mei Blauwe Hûn kompleet
Freed 28 july hat wethâlder Berber van Zandbergen it Van Sminiaplein yn Burgum iepene. It plein wurdt opsierd troch it keunstwurk Blauwe Hûn, dat troch wethâlder Tytsy Willemsma mei de keunstners Albert Dedden en Paul Keizer (de Spacecowboys) presintearre waard.
It keunstwurk is in blauwe hûn mei in lampekap yn syn bek. Dat referearret oan húslikens: in ûndogenske hûn dy’t thús op dy wachtet. De keunstners Albert Dedden en Paul Keizer ha in byld makke dat werkenber is foar eltsenien: in hûn. Mei it formaat hawwe hja in elemint fan ferfrjemdzjen taheakke; ek folwoeksenen binne wer lyts. “Foar it Van Sminiaplein giene wy op syk nei in krêftich autonoom en autentyk keunstwurk. In keunstwurk dat ferrast en in ferriking foar it doarp is”, fertelt wethâlder Tytsy Willemsma. “It byld past goed yn de hjoeddeistige tiid wêryn’t minsken graach selfies meitsje mei bysûndere ikoanen en op moaie plakken”.
Sense of place
“We hebben niet zomaar voor een hond en een lamp gekozen. Als mensen zijn wij al eeuwenlang intens verbonden met honden. Zij zijn de beschermer van huis en haard en op deze plek ook de poortwachter van het dorp”, lizze de keunstners Dedden en Keizer út. “De lamp in de bek van de hond geeft een huiselijke sfeer en verlicht het plein wanneer het donker is.” Dedden en Keizer meitsje bylden dy’t ferbûn binne mei it plak dêr’t se steane en jouwe sa wearde oan it plak; a sense of place. Dat past by it doel fan de gemeente om fan it Van Sminiaplein in gebrûks- en ferbliuwsplak te meitsjen. It plein is in wichtich portaal nei it winkelgebiet.
Van Sminiaplein
Yn maart 2022 is boubedriuw Kooi úteinset mei de bou fan trije duorsume appartemintekompleksen mei op de begeane grûn romte foar kommersjele aktiviteiten, de 3 fan Smina. De gebouwen binne ûntwurpen troch TWA architecten út Burdaard yn opdracht fan ûntwikkelder Blue Banner. “Wy binne bliid mei dizze duorsume wenten en fansels de hoareka en bedriuwen yn it sintrum”, seit wethâlder Berber van Zandbergen. “Dêrmei is it Van Sminiaplein in prachtige entree nei it winkelhert fan Burgum wurden”.
Kansen in Kernen
It keunstwurk makket diel út fan it projekt Kansen in Kernen, it autolij meitsjen fan trochgeande diken nei de komst fan de Sintrale As. Yn dat projekt is jild útlutsen foar keunst. In kommisje hat dit keunstwurk keazen út ferskate ynstjoerings.